It begjin: út it archief:

Yn  de begjinjierren fan 1980 komt der in ploechje minsken byelkoar, dy tochten wy kinne yn Aldtsjerk wol in koar ha.

Op 24 jannewaris 1983 wie it safier, der stienen  ±24 man/ frou yn it gebou oer de flier.

Us learares wie Nelleke Sterk, hja komt hjir net, mar út Gytsjerk wei.

Wy moatte foar sjonge, alt, bas, sopraan of tenoar, op ’e ein fan ’e jûne stjit der it Aldtsjerkster koar.10 jier nr. 7

Wy starte yn it echt op 31 jannewaris en binne net bang, wy sjonge foar it earst op in jûne fan it doarpsbelang.

Dat giet neffens it publyk tige goed, dus geane wy fierder mei frisse moed.

Om’t Nelleke hjir yn tsjerke trouwe sil, is it sa dat hja it koar der by ha wol.

Mar de dei dêrfoar, it foel ús kâld op it dak, hearre wy dat hja in ûngemak hân ha.

It sjongen giet dan in pear moanne oer, mar yn augustus begjinne wy wer fol fjoer.

Wy ha in nije dirigint, de hear van der Veen yn ’e muzyk net ûnbekend.

Hy hat by it koar de gong der aardich yn, wy krije ek al namme, wy meie sjonge op de earste Kerst Inn.

Dat giet ek tige skoan, wy geane troch, de Floralia 9 komt deroan.10 jier nr. 6

Yn oare doarpen lizze wy ek goed yn it gehoar, want nei de Floralia komme fjouwer nije leden by it koar.

Sels wolle wy yn in winter wat dwaan, en tinke deroan in iiskonsert te jaan,

mei Brouwers Akkordeon orkest, oargelspyljen, en it koar docht de rest.

Under tusken binne wy fan de Federaasje lid, en jimme witte hoe as dat sit.

Mei-elkoar sjonge yn Oentsjerk, ús koar wie net sa sterk dy kear.

Sa sei de hear Nicolay út Bûtenpost, mar dat ha wy letter aardich oplost.

It Boun fan Fryske sjongkoaren binne wy ek lid fan, en dy ha sjong dagen sa no en dan.

Dat is yn ’e Gordyk, ús start wie mei April wat ûngelyk.

Elk skrok him dan ek te pletter, mar van der Veen sei,, Nog een keer ” even letter.

Foar dizze gelegenheid wolle wy nij yn ’e klean, dat wurdt in blauwe rok, wite bloeze en in sjaaltsje, elk fûn it moai stean.10 jier nr. 12

By ien fan de leden fan it koar stiet  de 25 jierrige troudei foar de doar

Wy binne der hinne west, mei de Fryske potpoery dogge wy ús bêst.

Master Biesma is earder al út skoalle wei, ek dêr binne wy fan de partij.

In oantal leden giet der by wei, mar der komme ek nije, út Gytsjerk tenei.

De dirigint fljocht op in kear mei de auto út de bocht, en leden fan it koar ha him, mei syn frou, faak yn Haren besocht.