DE SKIEDNIS FAN DE LESSENER FAN MINGD KOAR ALDTSJERK
Sa’n tritich jier ferlyn stie der ynienen by de brânbult fan famylje van der Pol in âlde, mar kreaze rookstoel.
Wêr’t hy weikaam is noait dúdlik wurden, mar it begrutte Alie dat hy yn de flammen ferdwine soe.
Sy betocht dat it fraaie houtwurk miskien tsjinst dwaan koe om in lessener foar it Mingd Koar Aldtsjerk fan te meitsjen.
It koar wie krekt oprjochte, ek troch Alie, en der wie ferlet fan in lessener.
Adriaan Biesma, in handige nifelder en lid fan it koar, seach Alie har plan hielendal sitten.
Hy makke fan de stoel de fraaie lessener dy’t no noch hieltyd troch it koar brûkt wurdt.
Allinnich it “plateau” is fan frjemd hout; de rest komt fan de rookstoel.
Is recycling in modern begrip?
Eartiids waard der ek al folop fan âld nij makke!